MarktPlaza

LP Oer de Hage diel 2

161x bekeken
4 jaar geleden geplaatst

Kenmerken

Conditie
Zo goed als nieuw
Levering
Niet van toepassing

Omschrijving

Philips 6401 077

A1 –Akke Radsma Arjen Goudvink
A2 –Akke Radsma Piter en de geit
A3 –Akke Radsma Frouljusforiening
A4 –Akke Radsma Harm en de houn
A5 –It Koarke fan plattelânsfroulju út Wynjeterp Liet fan Marij
B1 –Akke Radsma Koartslúting
B2 –Akke Radsma Bromfyts I
B3 –Akke Radsma Bromfyts II
B4 –Akke Radsma De sykte fan Piter
B5 –Akke Radsma De klompen


B6 –It Koarke fan plattelânsfroulju út Wynjeterp Wynjeterper klokken

Doe't Akke Radsma yndertiid ien kear wyks mei har praetsje 'Oer de hage' foar de RONO wie, waerd der yn withoefolle hushaldings, troch jong en ald, nei harke.
Genôch, dy't de radio oars net iens folle oanstean hiene soene oer de hage net licht oerslaen.
Hwat wie dat mei dy praetsjes fan faek noch net iens fiif menuten?
lt wiene mar lytse dingen dêr't Akke Radsma it oer hie, net iens folle om 'e hakken.
Dat it yn allerhande formiddens sa oansloech kaem fan Akke. De harkers seagen yn 'e geast in frou by de hage stean dy't tsjin har buorfrou op 'e tekst wie oer gewoane dingen fan al den dei. It wie allegear sa eigen, net oars as hiene se it sels meimakke. Tagelyk koene se der om laitsje om't in oar it bilibbe hie en Akke it nei foaren brocht as wie 't yn har eigen hushalding foarfallen.
De RONO krige namme yn Fryslan troch dy deagewoane praetsjes. Dat is net oerdreaun.
Akke Radsma en oer de hage waerden yn ien sike neamd. Dy twa hearden byinoar.
Hûndert teksten oer de hage brocht Akke foar de radio. Hjir binne der njoggen fan.
Guon, dy't it noch witte fan de radio yndertiid en dizze plaet draeije, sil wer fan alles yn it sin komme en grif nochris glimkje. Oaren, foar hwa't it nij is, sille sûndermis ek mei niget harkje nei dat minske by de hage dy't sa prate kin en it nuver opsizze en der faek lang net mijen mei oankomt. Op dizze plaet fortelt Akke fan 'Arjen Goudvink'. Oer 'Piter en de geit', 'Frouljusforiening' en 'De Houn'.
Oan 'e oare kant is hja·op 'e tekst oer: 'Koartsluting', twa kear oer 'Reis mei de bromfyts', 'Piter siik' en ek noch oer 'De klompen'.
Der steane ek twa lietsjes op dizze plaet.
Tekst en muzyk fan frou Swaentsje Duursma-Monderman ut Wynjeterp. Under har lieding wurde se songen troch in koarke fan 'plattelânsfroulju'.
Frou Duursma skriuwt ferskes en makket der sels in wize by, sûnder in noat op papier to setten. Is dat net nijsgjirrich? Twa lietsjes: 'It liet fan Marij ' en 'De Wynjeterper klokken'.

Hoe lang is dat nou al wer lyn, dat wyklikse praetsje fan Akke Radsma op tekst fan Paulus Akkerman, dêr't de RONO yndertiid sa'n sukses mei hie? Gans in skoft, mar hjoeddedei hoege jo de titel ,Oer de hage' mar falle to litten en de harkers fan doe heucht it noch as de dei fan juster. Hwat de 'familie Doorsnee' yndertiid foar de Hollânske radio wie, dat hat 'Oer de hage' foar de regionale omrop west. De minsken bleauwen der om thús, hwant se woene dy fiif menuten foar gjin jild forsitte.
Hwat wie it geheim fan buorfrou dy't oer de hage de dingen fan de dei fan kommintaer foarseach?
It hie net folle om de hakken, seit tekstskriuwer Paulus Akkerman der sels fan. Dat it sa oansloech, kaem fan Akke Radsma. Jawis, mar it iene hoecht it oare net út to sluten. Akke makke der hwat fan, mar der moast earst wol hwat wêze. En gjin skriuwer yn Fryslän kin in bipaeld slach minsken sa foar jin del sette as Paulus Akkerman. Men kin it alle wiken lêze yn Leeuwarder Courant, Friesch Dagblad en Drachtster Courant. Gewoane minsken, almeast gjin utersten, en dêrom fynt de mannichte der hwat fan himsels yn werom. Men kin der om laitsje of glimkje, elk nei syn aerd en dat is yn dit lân fan stinders en krimmenearders ek hwat wurdich.